Keamers fersoargingshûs It Hearrenfean ûntromme fanwege reek

20 jan 2018 - 07:43
  • Marten Klaas Brinksma fan Brânwacht Fryslân oer de ûntromming

It fersoargingshûs Anna Schotanus op It Hearrenfean is freedtenacht foar in part ûntromme. Njoggen bewenners moasten de eigen keamer ferlitte, omdat dy fol mei reek stie. Neffens wurdfierder Marten Klaas Brinksma fan Brânwacht Fryslân hat fjoerwurk dêr de oarsaak fan west. Dat fjoerwurk lei bûten by in foardoar, wêrnei't de reek nei binnen kaam.

De brânwacht krige de melding om healwei twaen hinne binnen. In lyts kertierke nei de ûntromming koene de bewenners wer werom nei harren keamer. "De bewenners binne enoarm skrokken, mar der is net ien ferwûne rekke", sa seit Brinksma.

(advertinsje)