Sealfuotbal: Winst Drachtster Boys, ferlies Avanti

© twitter @DFTda1
De sealfuotbalfroulju fan Drachtster Boys ha freedtejûn op besite by Reiger Boys wûn. Yn Heerhugowaard kamen de Drachtsters knap werom fan it 2-0-efterstân by it skoft. Marian Meijer makke de oanslutingstreffer, Atty Eelkema de lykmakker en Jessie Prijs sette de Drachtsters flak foar tiid op 2-3.
Foar Avanti ferrûn de jûn minder goed. Team Alkmaar kaam 0-2 foar. Dêrnei waard it fia in goal fan Si Shut Hau en in eigen goal noch gelyk. Mar oan 'e ein fan de wedstriid soarge Aaike Verschoor der mei twa treffers dochs foar dat Alkmaar mei 2-4 wûn.