Stereo yn beslach naam

11 jun 2012 - 11:11

De plysje hat sneintemiddei de stereo-ynstallaasje fan in 30-jierrige ynwenner fan Easterwâlde yn beslach naam. Omwenners hiene faker klage oer lûdsoerlêst. De plysje hie dêrom al earder by de man oan de doar west. Doe't der snein wer klachten kamen, waard besletten de lûdsynstallaasje yn beslach te nimmen.

Mei it each op de geastlike tastân fan de eigener fan de muzykynstallaasje wurdt noch besjoen oft de man in proses-ferbaal kriget.

Trefwurden: 
stereo
(advertinsje)
(advertinsje)