KNMI jout koade giel ôf foar Fryslân fanwege glêdens

19 jan 2018 - 21:42

It KNMI hat koade giel ôfjûn fanwege glêdens. De warskôging jildt foar benammen it noarden en easten fan it lân. Troch buien en trochdat wiete stikken fan de dyk befrieze, kin it pleatslik glêd wêze. Neffens it KNMI moatte ferkearsdielnimmers it rydgedrach oanpasse.

De warskôging jildt foar Fryslân oant sneontemoarn 10.00 oere. Yn de twadde helte fan de moarn sil de lokale glêdens wer ferdwine.

Trefwurden: 
glêdens koade giel
(advertinsje)
(advertinsje)