Ridende auto fljocht yn 'e brân op snelwei by Marsum
In ridende auto is freedtejûn yn brân flein op de A31 by Marsum. De bestjoerder sette syn auto boppe-op it fiadukt oan de kant fan de dyk. It is noch net dúdlik hoe't de brân ûntstien is.
De brânwacht hat de brân blust. De snelwei by Marsum hat ôfsletten west.