Derek Buitenzorg sechsde yn lêste koers

19 jan 2018 - 22:50

Derek Buitenzorg hat syn lêste koers rûn. Sân jier lyn waard de draver troch de sportredaksje fan Omrop Fryslân rêden fan de slacht, freed kaam in ein oan it jongesboek. Us Derek waard sechsde yn syn lêste koers. Klarien de Wrede hat al dy jierren soarge foar Derek. "It wie altyd moai om mei him op paad te gean", sei se. "Je slute no in haadstik ôf. Je witte dat je net mear mei him nei de koers gean, dat docht my wat."

(advertinsje)
(advertinsje)