Sechstjin moannen selstraf foar ûntucht easke

19 jan 2018 - 20:17

Tsjin in âld-Ljouwerter dy't fertocht wurdt fan ûntucht mei twa jonkjes fan trije en sân jier, is 16 moanne sel easke. De 36-jierrige man wie de oppas fan it jongste bern. It oare slachtoffer wie in buorjonkje. De saak kaam oan it ljocht doe't it jonkje fan trije mei poppen boarte en seksuele hannelingen útbylde. It slachtoffer wie te jong om te ferhearren. It buorjonkje hat yn in bernfreonlike setting wol ferteld wat him oerkaam is. De fertochte ûntkent alles. Neffens him binne de ferhalen betocht om him "kapot te maken". De fertochte soe op social media bespot wêze en troch de heiten fan de bern mishannele. De man is nei in doarp yn 'e buert fan Ljouwert ferhuze.

De offisier fan justysje wol dat de fertochte ek behannele wurdt en ûnder tafersjoch fan de reklassearring te stean komt. De âlders fan it jongste bern wolle dat de fertochte 2.000 euro betellet. Dit bedrach is basearre op de bedraggen dy't yn de saak fan Robert M. útbetelle binne.

Trefwurden: 
ûntucht Ljouwert selstraf
(advertinsje)
(advertinsje)