Webside foar kanons fan alle Fryske doarpen en stêden online

19 jan 2018 - 19:59

Alle Fryske doarpen en stêden hawwe fan freed ôf de mooglikheid om in kanon oer de eigen skiednis online te setten. De webside www.dorpscanon.nl waard freed yn Jirnsum online setten troch doarpsman Foppe de Haan. It projekt set útein mei de kanons fan 42 doarpen en ien stêd, Boalsert. De earste doarpen dy't by wize fan pilot al online steane binne Achlum, Laaksum, Sumar en Wommels.

Alle 422 doarpen en stêden

Inisjatyfnimmers Bauke Folkertsma en Johan Wagenaar hawwe as doel om nei ferrin fan tiid alle 422 doarpen en stêden fan Fryslân in eigen online kanon te jaan. It doel is dat pleatslike kommisjes út de doarpen sels ynformaasje oanleverje en teksten skriuwe. De redaksje fan dorpscanon.nl en in panel fan saakkundigen kin helpe by it hifkjen fan dy ynformaasje. It is it doel om de webside safolle mooglik trijetalich út te fieren yn it Frysk, Nederlânsk en Ingelsk mei ek romte foar oare streektalen as it Biltsk en Stellingwerfsk.

Europeesk Jier fan it Kultureel Erfgoed

Dit jier wurdt mei de doarpskanon begûn yn it ramt fan it Europeesk Jier fan it Kultureel Erfgoed. It projekt wurdt stipe troch de provinsje Fryslân en de gemeente Opsterlân. De doarpen hoege sels gjin finansjele bydrage te leverjen. De nije stichting Fryslâns Ferline moat derfoar soargje dat it nije platfoarm oant yn lingte fan jierren bestean bliuwt. De presintaasje yn Jirnsum luts tsientallen nijsgjirrigen. Dêr wienen ek fertsjintwurdigers by fan doarpen en stêden dy't fan doel binne om ek meikoarten in doarpskanon te meitsjen.

Trefwurden: 
Dorpscanon doarpskanon
(advertinsje)
(advertinsje)