Twa ûngelokken by Koarnwertersân fanwegen glêdens

19 jan 2018 - 19:43

Troch pleatslike glêdens binne by Koarnwertersân twa ûngelokken bard. De bestjoerders rekken nei alle gedachten yn 'e slip en kamen yn de fangrail telâne. De twa auto's rekken swier skansearre, mar der binne gjin ferwûnen. Troch de ûngelokken is in koarte file ûntstien.

(advertinsje)
(advertinsje)