Noardlike brêge Ofslútdyk freedtejûn opnij iepen

De Stevinslûzen © ANP
De noardlike draaibrêge by Den Oever op de Ofslútdyk giet freedtejûn nei de spits op 'e nij iepen, seit Rykswettersteat. Hjirtroch kin it skipferkear dat stremd is, wer farre. It ferkear kin fia twa rydstroken fan en nei Fryslân ride.
Moandei stienen auto's rjochting Noard-Hollân troch in steuring fjouwer oeren yn de file. De steuring lei oan in stikkene printplaat en oan oare ûnderdielen yn de brêge. Dit wykein wurde dizze ûnderdielen ûndersocht en ferfongen. Moandei wurdt mear dúdlik oer wannear't de brêge wer klear is.
De situaasje fan ôfrûne moandei wie neffens wurdfierder fan Rykswettersteat Silvia de Bres "vreselijk". It sil dêrom yn de takomst mooglik wêze om rapper it ferkear fia ien brêge en twa rydstripen trochstreame te litten. Ek sil der in ferrolbere fangrail komme om by steuringen flugger in omlieding ynstelle te kinnen. Rykswettersteat hat ek ôfspraken makke mei de brânwacht en de plysje om earder oanwêzich te wêzen om it ferkear op te fangen. "We kunnen een storing nooit vermijden, maar we kunnen wel alles eromheen doen om de situatie te verbeteren", seit De Bres.