Nêsten fuortspield op Flyhors

11 jun 2012 - 10:48

Op de Flyhors op Flylân binne it ôfrûne wykein in soad fûgelnêsten fuortspield. Dat komt troch de hurde wyn en it hege wetter. By de nêsten sitte ek guonts fan kwetsbere soarten, lykas 55 fan de lytse stirns, 34 fan de wytstirns en twa fan bûnte wylster. Dy fûgels briede altyd op dat soart gefaarlike plakken.

De lêste tiid bart it faker dat nêsten fuortspiele, ek op oare Waadeilânnen. De fûgels begjinne no opnij. As it goed beteare moat, moatte se seis wiken achterinoar goed waar hawwe.

It rûge waar hie ek gefolgen foar de seehûnen. De seehûnekresj yn Pieterburen hat it drok mei de fersoarging fan saneamde 'gûlers'. De bistkes binne troch it rûzige waar de mem kwytrekke.

(Advertinsje)
(Advertinsje)