Wurkstraf foar brûken demintearjende buorfrou by wytwaskjen

19 jan 2018 - 17:35

In man út Minnertsgea hat in wurkstraf fan 180 oeren krigen en twa wike sel ûnder betingst, omdat er krimineel jild wytwosken hat fia de rekken fan syn demintearjende buorfrou. De man brûkte de rekken fan it slachtoffer hiel faak om iten te bestellen by in besoarchtsjinst en ek foar tsjinsten fan in enerzjyleveransier en in ynternetprovider.

In oare buorfrou ûntduts de saak en skeakele de plysje yn. De fertochte ûntkent. Stellerij koe neffens de rjochter net bewiisd wurde, it wytwaskjen wol.

(advertinsje)