Konsumint hat noch muoite mei sirkulêre ekonomy

19 jan 2018 - 17:32

As je it oer in sirkulêre ekonomy hawwe, fielt dat foar in soad konsuminten noch as in fier fan myn bêd show, seit direkteur Houkje Rypstra fan Circulair Fryslân. Sirkulêr betsjut hjir eins in ekonomy wêryn't sa min mooglik guod fuortsmiten wurdt. En dêr wurdt hurd oan wurke troch oerheden en bedriuwen yn Fryslân.

Yn Fryslân besiket Circulair Friesland kennis te sammeljen en te dielen, mar ek foaral te ynspirearjen. Yn dat ferbân hat de lanlike wike fan de sirkulêre ekonomy dy't wy krekt hân hawwe, syn útwurking net mist, sa ferwachtet Rypstra. Al sil it noch wol eefkes duorje foardat wy as konsumint kieze kinne út genôch produkten dy't makke binne fan materiaal dat op 'e nij te brûken is.

Trefwurden: 
sirkulêre ekonomy
(advertinsje)
(advertinsje)