Ynternasjonaal duorsumenssertifikaat foar AquaZoo

19 jan 2018 - 17:08

Dieretún AquaZoo yn Ljouwert hat freed in Golden Green Key-sertifikaat krigen. Dat is in ynternasjonaal keurmerk foar duorsume bedriuwen yn de rekreaasjesektor.

It park set bot yn op duorsumens. Sa servearret it restaurant duorsume en biologyske produkten. De keukens wurde himmele mei miljeufreonlik himmelguod. It fretten fan de bisten is frij fan bestridingsmiddels en it wurdt oanfierd mei miljeufreonlike frachtweinen.

Trefwurden: 
duorsumens Aquazoo
(advertinsje)