Europeeske sporters sykje ûnderdak

19 jan 2018 - 17:00

Sport Fryslân en NOC*NSF sykje doarpen, sportferienings en gastgesinnen om mei te helpen by de organisaasje fan in grut evenemint dizze simmer. Dan wurde de European Sports for all Games hâlden, in toernoai mei alderhanne tradisjonele sporten. Der dogge yn totaal sa'n 200 sporters oan mei, fan 20 ynternasjonale teams. Sport Fryslân en NOC*NSF sykje no plak foar dy minsken. Se dogge in berop op doarpen, gastgesinnen en sportferienings om dêrby te helpen.

It is de bedoeling om de dielnimmers bûten de wedstriden om ek fernimme te litten wat de Fryske kultuer is. It is foar it earst dat der in Europeeske fariant fan dit ynternasjonale evenemint hâlden wurdt. Der is al in World Sport for All Games.

(Advertinsje)
(Advertinsje)