Leenstra twadde op 1.000 meter by wrâldbeker Erfurt

19 jan 2018 - 16:55

Marrit Leenstra is freedtemiddei twadde wurden op de 1.000 meter by de wrâldbekerwedstriid yn Erfurt. Leenstra wie mei 1.15.55 krekt wat stadiger as Jorien ter Mors. Ireen Wüst einige krekt njonken it poadium. Sy waard fjirde. Letitia de Jong einige as sânde. Leenstra stiet no twadde yn it klassemint. Klassemintslieder Nao Kodaira wie der net by yn Dútslân.

Op de 500 meter wie gjin Frysk sukses. Letitia de Jong einige yn 38.91 as njoggende. Mayon Kuipers fan It Hearrenfean waard tolfde yn 39.08.

(advertinsje)
(advertinsje)