Ekstra bussen en treinen by iepening Kulturele Haadstêd

Ferfiersbedriuw Arriva set nije wike sneon ekstra bussen en treinen yn by de iepening fan Kulturele Haadstêd. Minsken kinne yn de foarferkeap in goedkeape deikaart keapje. Der ride net allinne ekstra treinen, se binne ek ekstra lang. Omdat hjir en dêr diken ôfsletten binne fanwege de iepening, ride guon bussen in oanpaste rûte. Arriva ferwiist minsken dy't mear witte wolle nei de webside of de app fan it bedriuw.

Arriva sil seker sa'n 80 ekstra bussen ynsette. Dy binne ek nedich omdat der op de jûn fan de offisjele iepening net parkeard wurde kin yn de Ljouwerter binnenstêd. Pendelbussen kinne minsken dan fan de râne fan de stêd nei it sintrum bringe en wer werom.