De lêste koers fan Derek Buitenzorg

19 jan 2018 - 18:40

Sân jier lyn begûn it ferhaal fan draafhynder Derek Buitenzorg. Freedteûn komt der sawiesa oan ien grut haadstik yn it ferhaal fan Derek in ein. Freedtejûn sil de draver fan de sportredaksje fan Omrop Fryslân syn lêste koers rinne. ​Yn de ôfrûne jierren waard Derek sawol op as bûten de draafbaan in begryp. Hy krige in eigen reallife-soap, in glossy, de band Die Twa makke in krystferske oer him en op fandagen woe elkenien mei him op de foto.

Derek Buitenzorg is de earste draver dy't in plakje krige yn de Hall of Fame fan de NDR, de Nederlânske Draf en Rensport, noch foardat hy ea in koers wûn hie. It seit wat oer wat er betsjutten hat foar de sport. 
 

(advertinsje)
(advertinsje)