Auto-ynbraak yn Drachten

11 jun 2012 - 10:24

De plysje hat fannacht op de Dwerswyk yn Drachten twa manlju oanhâlden op fertinking fan auto-ynbraak. Se seagen in 21-jierrige Ljouwerter rinnen, in bekende fan de plysje. Se folgen him en even letter seagen se fan in parkearde auto beide doarren iepenstean. It dashboardkastke wie hielendal oer de kop helle en de Ljouwerter soe krekt útstappe. Hy is fuortendaliks oanhâlden. In twadde fertochte dy't op de útkyk stie, is ek oanhâlden.

Yn de buert fan de Dwerswyk waarden mear auto's fûn dêr't de beide manlju besocht hiene yn te brekken.

Trefwurden: 
auto-ynbraak
(advertinsje)
(advertinsje)