Lintsje foar Jelle Zijlstra om fertsjinsten yn skilderswrâld

19 jan 2018 - 16:00

De 59-jierrige Jelle Zijlstra fan Harns hat freedtemiddei in keninklike ûnderskieding krigen. Zijlstra is beneamd ta lid yn de Oarder fan Oranje-Nassau foar syn fertsjinsten foar de skilderswrâld. Sa sit er al mear as 35 jier yn it bestjoer fan de Vakgroep Schilders Fryslân. Hy hat ek jonge skilders begelaat by fakwedstriden en meiskreaun oan in boek oer âlde skildertechniken.

Boargemaster Sluiter hat Zijlstra freedtemiddei yn it stedhûs fan Harns it lintsje opspjelde.

Trefwurden: 
Jelle Zijlstra lintsje
(advertinsje)
(advertinsje)