Haad scouting ONS nei Ingelske twadde difyzje

19 jan 2018 - 15:35

ONS Snits rekket syn talintecoach en haad scouting kwyt oan it Ingelske Sheffield Wednesday. Hans Schrijver makket mooglik de oerstap nei de Ingelske twadde difyzje. Schrijver siet sûnt ôfrûne simmer yn de technyske kommisje fan ONS. It is net foar it earst dat Schrijver yn it bûtelân oan it wurk sil: yn 2010 wurke er mei Dwight Lodeweges by FC Edmonton, en letter hat er ek yn Curaçao en Japan oan it wurk west. 

Schrijver wie ek ûnderdiel fan de technyske stêf fan ONS 1. De technyske kommisje sil op syk nei in ferfanger.
 

(advertinsje)
(advertinsje)