Diere-ambulânse Drachten fiert 25-jierrich jubileum

19 jan 2018 - 14:30

Ien fan de âld-pasjinten is freed ien fan de meast opfallende gasten by de iepen dei fan de diere-ambulânse fan Súdeast-Fryslân, yn Drachten. It giet om in Europeeske oehoe. Dat is in hiele grutte ûle, mei in spanwiidte fan mear as oardel meter. It bist ûntkaam út in hok fan in partikulier, mar waard troch de diere-ambulânse wer fongen.

Jubileum

De iepen dei fan de diere-ambulânse wurdt hâlden ta gelegenheid fan it 25-jierrich bestean. Djiptepunt yn dy 25 jier wie in ferskil fan miening mei in diel fan de frijwilligers, sa'n twa jier lyn. Dy hawwe in eigen ambulânse opsetten, dy't no in diel fan it wurk fan de diere-ambulânse Súdeast-Fryslân oernaam hat.

Foarich jier bleaune der 1.122 oproppen oer. In flink diel dêrfan binne bisten dy't oanriden binne. Gauris oerlibje dy de oanriding net, mar de slachtoffers wurde dochs meinaam en troch de diere-ambulânse sels bewarre, foar in perioade fan trije wiken. As de eigener him dan meldt, kin dy syn húsdier noch sjen en meinimme.

Trefwurden: 
Drachten diere-ambulânse
(advertinsje)
(advertinsje)