Strjitracers pakt yn Ljouwert

11 jun 2012 - 10:20
Plysje - Foto: ANP XTRA

De plysje hat sneintejûn op de Celsiuswei yn Ljouwert in ein makke oan in strjitrace mei brommers en motors. Der wie in melding kaam dat sawat fjirtich minsken by-elkoar wiene en dat guonts oan it racen wiene.

Doe't de plysje oankaam, soene twa bromfytsers fan 35 en 21 jier krekt oan in race begjinne. Dat waard ferbean. De manlju krigen in bekeuring foar strjitracen. Der waarden ek noch boetes útdield foar in glêde bân en it net sjen litte kinnen fan in kentekenbewiis. De plysje sil de kommende tiid faker kontrolearje op de Celsiuswei.

Trefwurden: 
strjitrace
(Advertinsje)
(Advertinsje)