"Trump? Dy man is net hielendal fris yn 'e holle!"

19 jan 2018 - 13:59

Sneon is it presys in jier lyn dat Donald Trump begûn as presidint fan Amearika. It waard in turbulint jier mei in soad al-of-net nepnijs en ynternasjonale fernuvering oer it faak net al te presidinsjele optreden fan de man. Op de freedsmerk wiene net in soad fans fan Trump te finen. "Earst tocht ik noch dat dit wol in goeie saak wie, ris in frisse wyn troch it Wite Hûs, nei de Bush- en Clinton-clans. Mar in grutter gek ha ik nea meimakke."

Oaren sjogge it suver as in grap: "Het is voortdurende cabaret, met deze enige man..." Mar oaren sjogge dêryn wer krek in gefaar: "Ik ha it gefoel dat it ek noch wolris misrinne kin mei dat clowneske gedrach fan dy man." Ek de útspraken dat Trump topfit wêze soe en geniaal, waarden yn twivel lutsen: "Ik bin all-round timmerman, mar tûker as him..."

Trefwurden: 
freedsmerk
(advertinsje)
(advertinsje)