Auto's botste opinoar op de A6 by Eastersee

19 jan 2018 - 13:40

Op de A6 tusken Eastersee en De Jouwer binne om healwei ienen hinne twa auto's opinoar klapt. De linkerrydstrook is tydlik ôfsletten. Twa autobestjoerders dy't fanút Emmeloord rjochting De Jouwer rieden, botsten troch noch ûnbekende oarsaak efterop inoar. Harren auto's rekken swier skansearre. Der binne gjin minsken ferwûne rekke.

In tredde auto dy't útwykte foar de oanriding, kaam fêst te sitten yn de berm. De auto is loslutsen en dêrnei koe de bestjoerder wer fierder ride. De twa oare auto's binne fuortsleept.

Trefwurden: 
botsing A6 Eastersee
(advertinsje)
(advertinsje)