Fryske bedriuwen winne priis op ynternasjonaal wetterkongres

19 jan 2018 - 11:59

Twa Fryske bedriuwen hawwe in priis wûn op in ynternasjonaal wetterkongres yn Abu Dhabi. Hydraloop, dat ûnder oare op de WetterCampus yn Ljouwert sit, hat in priis krigen foar syn wetterrecyclingsysteem. Dat systeem fangt it wetter op dat yn de badkeamer en de waskmasine brûkt wurdt, wêrnei't it wetter skjinmakke wurdt. 55 persint fan it wetter wurdt op 'e nij brûkt.

It bedriuw Witteveen+Bos, dat ûnder oare op It Hearrenfean sit, hat in priis krigen foar in filter dat medisynresten en bestridingsmiddels út it wetter helje kin.

(advertinsje)
(advertinsje)