Oerlêst troch klakson: boete
In 18-jierrige autobestjoerder út Marsum hat sneontenacht de klakson út syn auto weihelje moatten. Plysjeminsken wiene op it terrein fan it doarpsfeest yn Goutum doe't se lûd toeterjen hearden. It wie dúdlik dat dat net fan in gewoane klakson kaam.
De bestjoerder waard oan de kant set. Hy krige in bekeuring foar ûnnedich toeterjen. De Marsumer moast de klakson út de auto weihelje.