Organisaasje: "Ofsizzen Slachte 2018 is ôfgryslik spitich"

19 jan 2018 - 11:33

"Dit docht sear. It is ôfgryslik spitich", dat seit de organisaasje fan de Slachte 2018 oer it ôfsizzen fan de maraton. Dat bart om't der te min oanmeldingen binne en der dus te grutte finansjele risiko's ûntstean soene. "It is dus ferstannich dat wy dit mei-inoar besletten hawwe. Mar wat hiene wy dizze tocht graach organisearje wollen!", seit Anne Jochum de Vries fan de organisaasje. Minsken dy't in kaartsje kocht hawwe, krije harren jild werom.

It nijs dat de Slachte dit jier net trochgiet, is ek min nijs foar de organisaasje fan Kulturele Haadstêd, sa krekt foar de grutte iepening fan takom wykein, realisearret ek De Vries him: "Wy hawwe de timing fan dit nijs ôfwage moatten tsjin de behoefte en ferantwurdlikheid om sa gau mooglik dúdlikheid te jaan oan de dielnimmers oan de Slachte en de belutsenen by de organisaasje."

De organisaasje fan de Slachte sil him no rjochtsje op de Slachtemaraton yn 2020. Dy is sneon 13 juny 2020.

(advertinsje)
(advertinsje)