Meardere ûngelokken troch sjippeglêde diken

19 jan 2018 - 10:55

Troch de glêdens hawwe der freedtemoarn meardere ûngelokken west yn de provinsje. Op de Miedloane tusken Wâlterswâld en De Westereen wiene trije ûngelokken yn koarte tiid. De dyk wie sjippeglêd en dêrtroch bedarren twa auto's yn it wetter. In bestelbuske knalde tsjin de brêge oer de Petsleat. It is noch ûndúdlik oft der minsken ferwûne rekke binne.

Yn Wynjewâld rekke ek in auto yn 'e sleat. Dêr kaam de bestjoerder mei de skrik frij.

Trefwurden: 
ûngelok glêdens
(advertinsje)
(advertinsje)