Norofirus treft fersoargingshûs Sint-Anne
Fersoargingshûs Beuckelaer yn Sint-Anne is troffen troch it norofirus. Tsientallen bewenners en ek tsientallen personielsleden binne siik of ha siik west. It fersoargingshûs hat maatregels naam om te besykjen it firus te bestriden. Personiel hat moffen oan en mûlkapkes foar. En minsken moatte ekstra de hannen waskje. Bewenners moatte yn har appartemint bliuwe, se kinne net terjochte yn it restaurant foar kofje of om te iten.