GrienLinks wol enkête oer JSF

11 jun 2012 - 08:47

GrienLinks wol dat der in parlemintêre enkête komt oer de JSF. Doel is om boppe wetter te krijen hoe't it kin dat de kosten sa út de hân rûn binne en wat der ferwachte wurde mei fan it fierdere ferrin fan it JSF-projekt. Op 5 july praat de Twadde Keamer wer oer de JSF en dan sil GrienLinks de moasje mei it fersyk om in enkête yntsjinje.

Der binne yn de Twadde Keamer al in soad krityske fragen steld oer de plannen fan definsje foar de oanskaf fan de JSF as ferfanger fan de F16's. GrienLinks wol it leafst út it hiele projekt stappe.

Trefwurden: 
GrienLinks enkête JSF
(advertinsje)
(advertinsje)