Streppel lit neat los oer keeperskwestje by SC Hearrenfean

19 jan 2018 - 10:37

SC Hearrenfean set de twadde seizoenshelte útein mei de útwedstriid tsjin Vitesse. It is in duel tusken twa subtoppers: Vitesse is de nûmer sân op 'e ranglist, Hearrenfean de nûmer njoggen. De grutte fraach is wa't der by Hearrenfean tusken de peallen stiet: Martin Hansen of Wouter van der Steen?

Mar trainer Jurgen Streppel lit net yn syn kaarten sjen. "Wouter is niet helemaal fit. We zullen zien hoe hij vandaag doorstaan heeft en dan morgen kijken. Als hij niet kan spelen, is de keuze niet zo moeilijk."

Martin Hansen 

Omdat earste doelman Warner Hahn opnij blessearre is oan syn skouder, hat Hearrenfean opnij by Martin Hansen oankloppe. De Deenske doelman waard yn de earste seizoenshelte ek al hierd fan FC Ingolstadt 04, in klup út de twadde Bundesliga. Hansen hie krekt ôfskied naam fan de klup, doe't er fanwegen de blessuere fan Hahn opnij troch Hearrenfean benadere waard.

De Deen hat ek net mei west op trainingskamp. Van der Steen hat wol mei west nei it Spaanske La Manga en keepte in goeie wedstriid yn it oefenduel tsjin Anderlecht (0-0). Dochs is it gjin útmakke saak dat Van der Steen tsjin Vitesse ûnder de latte stiet.

Zeneli wer ynsetber

Oanfaller Arber Zeneli is wol wer beskikber. De oanfaller hat fanwegen in foetblessuere lang út de rûlaasje west, mar is no wer fit. "Een fitte Zeneli speelt altijd!", sa seit Streppel.

Vitesse is tradisjoneel in lêstige útwedstriid foar Hearrenfean. Fan de lêste sân konfrontaasjes hawwe de Arnhemmers der net ien ferlern.

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean
(advertinsje)
(advertinsje)