Slachtemaraton 2018 giet net troch

19 jan 2018 - 09:10

De foar dit jier plande Slachtemaraton giet net troch. Dat hat de organisaasje niiskrekt bekend makke. De tocht soe hâlden wurde yn it wykein fan 31 augustus en 1 septimber. It gie om in spesjale edysje fanwegen Kulturele Haadstêd. Der binne lykwols te min kaarten ferkocht om de tocht troch te setten. Foar de twadaagse ferzje fan de Slachte binne 3.500 kaarten ferkocht, foar de iendaagse fariant 2.000 kaarten. Dat is te min, seit de organisaasje. It hiene der 7.000 oant 8.000 wêze moatten. It finansjele risiko is no te grut.

De earstfolgjende edysje wurdt no hâlden op sneon 13 juny 2020. Minsken dy't al kaarten kocht hawwe, krije har jild automatysk werom. Sy binne al ynformearre. De organisaasje wol noch in alternatyf betinke. Oer it hoe en wat wurdt noch neitocht.

(advertinsje)