Kollum: "Privacy"

19 jan 2018 - 08:46
  • De Toan fan Hilda Talsma

"Tolve desimber ha ik foar it lêst in foto op Facebook setten. Ik woe yn 'e wintersliep en ik koe grif wol efkes sûnder de krystbeammen, oaljekoeken en goermetstellen dy't alle jierren foarby komme. Ik ha it út en troch wolris mist mar fierder fûn ik it hearlik! It libben wurdt der rêstiger troch en ik ha ek noch net it gefoel dat ik der wer aktyf mei oan 'e gong moat.

Hielendal net nei it sjen fan in dokumintêre oer in pear Deenske jonges dy't yn opdracht fan in telefyzjeprogramma in app foar in bûslampe ûntwikkele ha. De proefpersoanen dy't se fregen om dy app te downloaden, moasten foar deselde dingen tastimming jaan as bygelyks de app fan Facebook. Tagong ta de mikrofoan, kamera, lûd, lokaasje, netwurk, ensafuorthinne. Dat diene dy minsken allegear samar.

Wat se net wisten, wie dat se dêrmei tastimming joegen dat al har persoanlike gegevens nei in haadkompjuter ferstjoerd waarden en dy jonges dus alles sjen koene. Foto's, berjochten, se koene mei de kamera en mikrofoan fan ôfstân opnimme, se wisten wat de persoanen dien hiene, mei wa, wêr, hoe let en hoe lang. Doe't se de proefpersoanen dêr nei in pear dagen mei konfrontearren, wiene dy der beroerd fan. Mar de measte apps kinne dit en dêr jouwe we massaal tastimming foar. 'Ik tink der net oer nei wat se kinne en druk gewoan op okee,' sei in famke en sa giet it mei de measten.

We binne ôfhinklik wurden fan apps dy't se fergees oanbiede mar de priis dy't we dêr foar betelje is ús privacy. No wurdt dy ynformaasje it meast brûkt foar reklamedoelen, mar sadree't fersekeringsmaatskippijen, skoalen en bedriuwen sokke ynformaasje keapje kinne, witte se alles fan dy en bepale se al gau as't geskikt bist of net. De programmamakkers hiene in petear mei facebook oanfrege om te hearren wat der yn 'e takomst mei alle persoanlike ynformaasje barre sil, mar dat hat facebook ôfwiisd.

As't in app net mear brûkst, bliuwe de âlde gegevens wol op de server stean en ien fan de proefpersoanen fielde him klem sitten yn in wrâld dêr't in oar oer syn priveegegevens beskikt. Se wiene allegear ferbjustere omdat se it in skeining fan har privacy fûnen... mar dêr hiene se sels tastimming foar jûn. Ik bin net in hier better, ik brûk ek sokke apps. Ik wist wol dat je wat ynleverje moatte mar dat it sa slim wie, hie ik ek net yn 'e gaten. Ik ha dan ek fuortendaliks guon privacy- ynstellingen oanpast.

Stel dat dyn buorfrou alles fan dy witte soe. Wannear'tst sitst te iten, skiten, hoe let as't op bêd giest en mei wa. Se hat kamera's yn dyn hûs ophongen en yn dyn klean naaid en kin dy sadwaande oeral folgje... dêr soest lilk om wurde! Mar sa bart it ek mei ús tillefoans want dy wurde oeral mei hinne nommen. En wat te tinken fan alle minsken dy't bewust seksuele hannelingen foar de tillefoan ferrjochtsje? Dy lju by sa'n haadserver komme grif net mear by en hawwe miskien wol in hanneltsje yn hûs-, tún- en keukenporno.

Lokkich ha ik gjin nuvere foto's op 'e tillefoan en porno op 'e keukenstafel dogge wy ek net oan omdat de katten dêr altyd op lizze. Mar ik nim de tillefoan wol mei as ik yn 't bad of op bêd gean en de bern op 'n paad binne. Dan wol ik berikber wêze mar ik tink der tenei goed om hoe en wêr't er leit.

De buorfrou hie al lang de plysje op besite hân mar Mark Suikerberg en konsorten kinne al jierren har gong gean. In soad apps binne dan miskien wol fergees, mar is de priis net te heech?"

Trefwurden: 
De Toan fan Hilda Talsma
(advertinsje)