Fryske bern leare eangsten te oerwinnen op de 'Durfpoli'

19 jan 2018 - 08:30

Eangst foar spinnen of hûnen, hichtefreze of bang wêze yn it tsjuster. Sa'n 8 prosint fan de bern oant tolve jier âld hat dizze eangsten. Mar op de 'Durfpoli' kinne se dêr wat oan dwaan. De Universiteit Grins en Accare hawwe ôfrûne simmer in Durfpoli oprjochte yn Grins om bern fan harren eangsten ôf te helpen. Yn Fryslân komme der no ek twa Durfpoli's, yn Drachten en Ljouwert.

De reaksjes op de Durfpoli yn Grins binne sa posityf, dat de inisjatyfnimmers ek yn Fryslân bern helpe wolle. It is wichtich dat bern en jongeren op tiid holpen wurde, om't eangsten fan grutte ynfloed binne op it deistige libben.

Eangst opsykje

In behanneling bestiet út sân ôfspraken op de Durfpoli, wêrby't de eangsten opsocht wurde. As in bern bygelyks bang is foar hûnen, dan sil it yn kontakt brocht wurde mei in hûn, om sels yn stappen mei in professional de eangst te oerwinnen.

Undersyk

Neist de behannelingen wurdt der ek ûndersyk dien nei de bêste metoade om bern en jongeren fan eangsten ôf te helpen. Der binne al oanmeldingen fan âlders binnen kaam foar behannelingen, mar de inisjatyfnimmers fan de Durfpoli sykje ek noch bern dy't oan it ûndersyk meiwurkje wolle.

Fan febrewaris ôf kinne bern yn Drachten en Ljouwert behannele wurde.

Trefwurden: 
Durfpoli eangst
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)