Musical Bonifatius grut súkses

11 jun 2012 - 07:12

Yn de Bonifatiuskapel yn Dokkum ha de akteurs en aktrises fan Bonifatius de Musical sneintejûn de lêste foarstelling spile. De foar Fryske begrippen grutte produksje is de ôfrûne wike 10 kear opfierd. De measte foarstellings wiene útferkocht en dus wie it sawol ynhâldlik as saaklik in súkses. Dochs is besletten om net noch mear foarstellings yn te plannen, omdat it foar de spilers wol swier wie om alle dagen twa foarstellings te dwaan.

It is noch net bekend oft der meikoarten wer sa'n grutte produksje yn Dokkum hâlden wurde sil.

Trefwurden: 
Bonifatius de musical
(advertinsje)
(advertinsje)