Nije staking ûnderwiis: "We gaan door tot doel bereikt is"

"Er zit geen beweging in de onderhandelingen met de minister. Helemaal niet zelfs. Hij is wel geneigd om te praten, maar daar houdt het bij op." Dat seit Hayo Bohlken, noardlik bestjoerder fan de Algemene Onderwijs Bond. Tongersdei kundige it bûn dêrom oan dat der yn Fryslân opnij staakt wurdt yn it basisûnderwiis. De leararen wolle ferlichting fan de wurkdruk en in better salaris.
Bohlken wol dat der fuortendaliks jild beskikber komt om dy wurkdruk fuort te nimmen. Dêrnjonken moatte der konkrete tasizzingen dien wurde foar in struktureel better salaris foar de dosinten. Mar om't it bûn der net út komt mei de minister, wurdt der no foar de tredde kear staakt. Op 14 febrewaris sille de juffen en masters in manifestaasje hâlde. It plak is noch net bekend.
"We willen laten zien dat we een lange adem hebben en dat het ons menens is", seit Bohlken. "We gaan door tot ons doel bereikt is."