Scooterrider rekket ferwûne nei oanriding yn Harns

© Stefan Postema
In scooterrider is tongersdeitejûn ferwûne rekke by in oanriding yn Harns. It slachtoffer woe op de krusing fan de Domela Nieuwenhuisstrjitte en de Pieter Sjoerds Gerbrandystrjitte in auto ynhelje. De auto sloech ynienen ôf en botste op de scooterrider. Dy is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. De plysje ûndersiket hoe't it ûngelok krekt barre koe.