Nije boargemaster Dantumadiel: net isolearje, mar gearwurkje

De gemeente Dantumadiel moat him net isolearje, mar gearwurkje mei de omlizzende gemeenten om bygelyks de krimp ta stilstân te bringen. Dat sei de nije boargemaster Klaas Agricola tongersdeitejûn yn syn taspraak foar de ynwenners by de kennismakkingsgearkomste yn it gemeentehûs fan Dantumadiel.
Dantumadiel docht sûnt 2017 mei oan in gearwurkingsferbân mei Dongeradiel, Ferwerderadiel en Kollumerlân. Dy lêste trije gemeenten foarmje begjin jannewaris 2019 de nije gemeente Noardeast Fryslân. Dantumadiel docht op amtlik mêd oan de fúzje mei, mar bliuwt selsstannich. Dat sprekt Agricola oan, omdat je yn in lytse gemeente tichteby de minsken stean kinne.
Hy fynt wol dat goeie gearwurking mei omlizzende gemeenten nedich is. Mei-elkoar is der mear mooglik as allinnich, bygelyks om de noardeastlike regio fan Fryslân better op de kaart te setten, fynt hy. Agricola sei yn syn taspraak dat hy in boargemaster wêze wol dy't tusken de minsken stiet, net der boppe of der njonken. Hy neamde himsels 'mear een burgervader dan een burgemeester',