FNP wol nêstaksjes hâlde foar behâld húsmosken

18 jan 2018 - 22:51

Der moatte fûgelfreonlike maatregels naam wurde yn de gemeente De Fryske Marren. Dat seit de FNP yn in inisjatyffoarstel. De partij makket har bot soargen oer it ôfnimmend tal húsmosken, benammen yn stedsgebieten. Der binne te min mooglikheden foar nêsen. Ek de toerswel hat it dreech. Sweltsjes sykje harren plak yn kieren fan huzen, mar tsjintwurdich wurde huzen sa goed isolearre dat de bistjes der net mear by komme kinne en fuortgean.

De FNP wol dêrom dat der nêstaksjes organisearre wurde, sa as it ophingjen fan nêstkasten, it lizzen fan fûgelfreonlike dakpannen en it ynrjochtsjen fan fûgelfreonlike tunen. Der kin in gearwurking socht wurde mei wenningbouferieningen, hofkers, projektûntwikkelers en túnbesitters. Der binne op dit stuit yn De Fryske Marren al op in pear plakken wâlen foar swellen makke.

Op 31 jannewaris sil it inisjatyffoarstel fan de FNP bepraat wurde yn de riedsgearkomste.

(advertinsje)
(advertinsje)