Basisskoalle yn Haskerhoarne slút dochs de doarren

18 jan 2018 - 22:41

Basisskoalle De Lytse Mienskip yn Haskerhoarne slút de doarren. Ofrûne simmer waard al bekend makke dat de doarpsskoalle nei dit skoaljier net mear bestean kin. Skoalbestjoer Primus hat doe oan de âlders witte litten, dat de skoalle op 1 augustus 2018 fusearje sil, mar dat de skoalle noch in jier langer yn stân hâlde wurdt. Alders fan foaral bern yn de boppebou ha dêr om frege, sadat harren bern net noch foar in koarte tiid nei in oare basisskoalle ta moatte.

Primus hat no neffens gemeente De Fryske Marren by it skoalbestjoer oanjûn, dat it finansjeel net ferantwurde is om De Lytse Mienskip langer iepen te hâlden. It oantal learlingen fan De Lytse Mienskip is de ôfrûne twa jier hurd ôfnaam. Yn 2015 sieten der noch 64 bern op de skoalle, no sa'n 38. Nei augustus 2018 soe it noch om 7 bern gean, dy't noch ien jier bliuwe wolle.

De âlders binne der fan op 'e hichte steld, dat de skoalle yn augustus opheft wurde sil. Op in útsûndering nei ha de âlders begryp foar de situaasje. Mei hokker skoalle De Lytse Mienskip fusearje sil, is noch net dúdlik. Der wurdt tocht oan de Westmarskoalle op De Jouwer.

(advertinsje)
(advertinsje)