Kursus itensieden foar manlju úteinset yn Bûtenpost

18 jan 2018 - 22:20

De frou helpe, josels rêde kinne of no einliks ris ite wat je nea krije, omdat de frou it nea makket. Sa mar trije redenen foar in achttal manlju, om mei te dwaan oan de earste kursus itensieden foar manlju boppe de fyftich yn Bûtenpost.

De kursus, dy't út tsien lessen bestiet, is opset op fersyk fan de manlju sels. By in enkête joegen se oan ferlet te hawwen fan in itensiederskursus. Oan de kursus dogge acht mannen mei. Foar mear is earst gjin plak, mar de belangstelling is folle grutter.

De kursus wurdt organisearre troch de Stichting Keunstwurk, yn it ramt fan it projekt 'Tijd voor talent'. Keunstwurk wurket hjiryn gear mei tal fan lokale kulturele organisaasjes en organisaasjes foar it wolwêzen yn de gemeenten Achtkarspelen en Smellingerlân. Doel is om in nij kultureel oanbod te ûntwikkeljen. In kursus itensieden past dêr net echt by, mar omdat der safolle ferlet fan is, hat Keunstwurk besletten der dochs mei oan de slach te gean.

(advertinsje)
(advertinsje)