Gebou foar Fries museum klear

It gebou fan it nij Fries museum yn Ljouwert wurdt moandei oplevere. De bouwers jouwe de kaaien oan museumdirekteur Saskia Bak. Yn 2010 is de bou begongen en no is de bûtenkant klear. It gebou is 21 meter heech, hat trije ferdjippings en der sit goed 190.000 ton stiel yn ferwurke. It gebou is op tiid oplevere en is ek binnen it budzjet bleaun.
It gebou is no fan bûten klear, it duorret noch in healjier foardat it ek fan binnen safier is dat de keunst deryn kin. Dat wurdt jannewaris takom jier.