Wurkstraf foar Wartenster mei himpkwekerij yn hûs

(foto as yllustraasje) © Facebook Plysje Ljouwert en omkriten
In man út Warten hat in wurkstraf fan 180 oeren krigen, omdat er in himpkwekerij yn syn hûs hie. De man seit dat dat net allinne syn wurk wie, mar nammen fan oaren woe er net neame. De fertochte hie de plantaazje opset, omdat er jildproblemen hie. Neidat de kwekerij ûntdutsen wie, waarden dy problemen allinne mar grutter. Hy wie in soad jild kwyt oan de opbou en moast netbehearder Liander in soad jild werombetelje, omdat er yllegaal stroom ôftape hie. Ek moast er betelje foar it reparearjen fan syn hûs.
Justysje woe, dat er de fertsjinsten fan de kwekerij ek noch werombetelle. Dêr gie de rjochter net yn mei, omdat dy tinkt dat de man út Warten in skeakeltsje is yn in grutter gehiel.