Fryske skoalbern dogge ek leaver wat oars as lêzen

18 jan 2018 - 21:34

Jongeren en bern lêze hieltyd minder. By de bern op de middelbere skoalle lêst minder as de helte langer as tsien minuten yn 'e wike. Dat docht bliken út ûndersyk fan Sosjaal en Kultureel Planburo. By learlingen fan Piter Jelles !mpulse yn Ljouwert liket dat net folle better te wêzen. Krekt as oare jongeren lêze se amper noch en hielendal net frijwillich. Se dogge leaver wat oars, sa as sporten en útgean. En dat fernimme se yn de biblioteken.

Guon Fryske biblioteken besykje it lêzen wer ûnder de oandacht te bringen troch lêskonsulinten nei de skoallen te stjoeren. Marga Zitman is lêskonsulint yn Drachten en sy fernimt dat it best wol dreech is en dat de achterútgong sichtber is. Sels as it slagget, is it lestich om de skoalbern ek oan it lêzen te hâlden. Want ja... dy smartphone.

(advertinsje)
(advertinsje)