Grypprik helle en dochs siik, hoe sit dat?

De grypprik helje en dochs de gryp de krije! Op it stuit lizze 15.000 Nederlanners mei de gryp op bêd en dat wurde der noch hieltyd mear. Sels wa't de grypprik hân hat, kin fan dizze fariant siik reitsje. Dat de prik kwealik helpt, komt om't it faksin net op it type ynfluenza fan no rjochte is. Fan in flater yn de cocktail kinne je lykwols net sprekke. "It grypfirus feroaret alle kearen", seit Afke Brandenburg fan Izore, it sintrum ynfeksjesykten yn Ljouwert. "Elk jier moat der in nij faksin makke wurde en dan moatst eins foarsizze watfoar firus der folgjend jier sirkulearje sil. Dat giet net altyd goed."
Ek al helpt de grypprik dus net altyd, dochs advisearret Brandenburg minsken yn de risikogroepen om de prik altyd te heljen. "Gewoan wol wer faksinearje, om't je dan tsjin mooglike slimme syktes relatyf beskerme binne."