Stoarmwaar feroarsaket dúntrochbraak op It Amelân

18 jan 2018 - 19:09

Op It Amelân is der troch it hege wetter en de stoarm in dúntrochbraak ûntstien. Troch dizze iepening yn de dunen leit der no in nije geul oan de noardwestkant fan it eilân. De geul leit op 'e hichte fan de âlde NAM-lokaasje, fan de Lange Duinen-Noord ôf nei de Noardsee.

De trochbraak komt foar Rykswettersteat net as in ferrassing, mar it bart net faak. Om de kust te beskermjen ha se de lêste jierren op ferskate plakken op It Amelân sân opspuite. By de Lange Duinen-Noord is derfoar keazen om de natuer beheind syn gong gean te litten. Konkrete plannen om it stik dún wer te meitsjen binne der net.

Ein dit jier sil Rykswettersteat der yn alle gefallen noch in kear sân opspuitsje. De nijste trochbraak fan de dunen smyt gjin gefaar op. De wetterkearing op It Amelân leit fierder it lân yn en beskermet de bewenners tsjin it wetter.

(advertinsje)
(advertinsje)