"Gomarus College bêste middelbere skoalle fan it lân"

18 jan 2018 - 18:50

It Gomarus College yn Ljouwert is de bêste middelbere skoalle fan Nederlân. Alteast as je sjogge nei it grutte ûndersyk fan wykblêd Elsevier dat tongersdei ferskynde. De Ljouwerter skoalle helle dêryn as iennige de heechste skoare op alle ûnderdielen, sa as heechste eksamensifers en minste sittenbliuwers.

Talittingsbelied

In ferklearring foar dit resultaat kin foar in part taskreaun wurde oan it talittingsbelied. It Gomarus College wie by syn ûntstean sterk ferbûn oan de Frijmakke Grifformearde Tsjerke en hâldt noch altyd oanmeldpetearen, om te sjen oft skoalle en learling byinoar passe. It tal bern mei in allochtoane eftergrûn is mei dêrom frij lyts op dizze skoalle.

Oare 'superskoallen'

Oare Fryske skoallen, dy't yn it Elsevier-ûndersyk yn de heechste kategory falle as saneamde 'superskoalle', binne: CSG Liudger yn Burgum, CSG Ulbe van Houten yn Sint-Anne, RSG Simon Vestdijk yn Frjentsjer en OSG Singelland yn Surhústerfean.

(advertinsje)
(advertinsje)