Riders Alvestêdetocht 1963 fertelle ferhalen op reüny

18 jan 2018 - 18:34

Goed 20 wedstriidriders dy't yn 1963 de Alvestêdetocht útrieden, kamen tongersdei byinoar yn it reedrydmuseum yn Hylpen. It is presys 55 jier lyn dat de legindaryske tocht riden waard. Sûnt 1993 wurdt der om de fiif jier in reüny holden en sadree't de manlju in foet oer de drompel sette fan it museum, begjinne de ferhalen.

Sa fertelde winner Reinier Paping oer in man yn it publyk mei in lange learen jas oan. Paping frege de man de jas út te dwaan en yn de snie te lizzen, sadat hy der efkes op útrêste koe. De man die dat fuortdaliks "en zo kon ik even twee minuten met de benen omhoog liggen".

Ek de nûmer 2 fan '63, Jan Uitham, wie oanwêzich. Fan de Fryske wedstriidriders wiene ûnder oaren Klaas Yska (13e), de bruorren Ale en Albert Fekken (25e en 26e) en Sybren Buma (50e) op de reüny. Albert Fekken (78 jier) is sels noch lid fan de Alvestêdeferiening en ek fan doel om noch mei te dwaan as der in tocht organisearre wurdt.

(advertinsje)
(advertinsje)