Tydskrift Noorderbreedte komt mei spesjale edysje

© Noorderbreedte
Yn it Dútske Oldenburg wurdt nije wike in spesjale edysje presintearre fan it tydskrift Noorderbreedte en twa blêden út Dútslân. Mei harren trijen bringe sy in twatalige edysje út fanwegen Kulturele Haadstêd en it fjirtichjierrich jubileum fan de Eems Dollard Regio.
It blêd giet oer grins-oerstiigjende projekten yn Noard-Nederlân en Noardwest-Dútslân, op it mêd fan kultuer. Der steane ek stikken yn oer bygelyks kultuerferskillen en -oerienkomsten. Sa is der oan beide kanten fan de grins in rykdom oan oargels.